Fan it Ljouwerterein yn Burdaard nei de Roptawei yn Mitselwier liket by ús omslachfoto's mar in…
Fan it Ljouwerterein yn Burdaard nei de Roptawei yn Mitselwier liket by ús omslachfoto's mar in hoannestap.
Oan dy Roptawei dit monumintale pân, nûmer 14, café Veldzicht. Fan oarsprong wie dit in buorkerij mar it is yn begjin foarige ieu ferklost ta herberg en de namme seit it al, mei rom sicht oer de fjilden om Mitslewier hinne.
Kasteleins wiene yn de rin fan de jierren: L. Jaarsma, D. Hiemstra, W. Dijkstra, L. Dijkstra en M. Kloosterman. Dizze ynformaasje komt út it fotoboek Us doarp Mitselwier fan Meindert Meindersma en Doede Jongeling, dat yn 2008 útkommen is, doe wie in Bos de kastlein.
Hjir baarnde yn 1925 it 'earste nije ljocht' yn it doarp.